Koehoal krijt fiskershúskes

26 jul 2012 - 15:55
  • Koehoal
  • Koehoal
  • Koehoal

It buorskip Koehoal oan de seedyk boppe Tsjummearum krijt trije nije fiskershúskes yn tradisjonele styl. Oannimmer Jelle Bruinsma út Harns sil se bouwe en ferhiere, want it giet om fakânsjewenten. Op it plak dêr't se komme, steane no noch fertutearze wenten en skuorren dy wachtsje op de sloper want der kin net mear yn wenne wurde.

Koehoal wie eartiids in fiskersbuorskip. Yn de tiid dat de Ofslútdyk der noch net wie en de geul noch by de dyk lâns rûn boppe Tsjummerum.

De nije húskes op de tekening dogge tinken oan de fiskershúskes efkes fierderop oan de seedyk, yn Paezens-Moddergat, en oan fiskershúskes op de eilannen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)