Ballonfeesten kleurich útein

26 jul 2012 - 15:42

De loft boppe De Jouwer waard woansdeitejûn kleure troch ballonnen. It wie it begjin fan de 27ste edysje fan de Fryske ballonfeesten. In 35 ballonfarders út Brazilië, Ingelân, België, Sweden en Dútslân giene mei de meast opmerklike kreaasjes de loft yn. Yn kombinaasje mei it moaie waar luts dat in soad publyk.

De ballonfeesten duorje oant en mei snein. Ferwachting is dat tusken de 20.000 en 25.000 minsken op it evenemint ôfkomme.

Trefwurden: 
De Jouwer ballonfeesten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)