Striid om beammen by Offenwier

21 nov 2011 - 12:23

De beammen oan de Grienedyk tusken De Potten en Snits meie net kapt wurde fynt doarpsbelang Offenwier. Wetterskip Fryslân is der al mei dwaande omdat de woartels derfoar soargje dat de dyk net mear oan de easken as wetterkearing foldocht. De feilichheid komt yn gefaar en dêrom moat de Grienedyk oanpakt wurde. Mar doarpsbelang Offenwier kaam mei in oar plan en dat is om de neistlizzende simmerdyk te ferheegjen. Dat plan is like djoer en goed út te fieren seit it Wetterskip.

De simmerdyk en it lân binne lykwols fan de gemeente en dy wol net meiwurkje, omdat de romte beskikber wêze moat as wetterberging. Doarpsbelang hat al mei de wethâlder praat, mar tiisdei komt de kwestje nochris oan de oarder yn it kolleezje fan B&W fan de gemeente SWF.

Trefwurden: 
beammen Offenwier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)