BOB-kampanje sportkantines

21 nov 2011 - 12:09
  • BOB logo

Fryslân is ien fan de fiif provinsjes dêr't in spesjale BOB-kampanje komt dy't rjochte is op sportkantines. Doel is dat der minder sporters mei tefolle drank op achter it stjoer krûpe. Ut lanlik ûndersyk docht bliken dat tsien prosint fan de besikers dat docht. De kampanje wol sporters derta bewege yn 't foar ôf te praten wa't der rydt.

De kampanje is in inisjatyf fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu en in tal sportorganisaasjes. Ekstra plysjekontrôles binne ek ûnderdiel fan de kampanje.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)