Soad mientsen teld op Gryn

© Omrop Fryslân
Op it lytse waadeilân Gryn tusken Harns en Skylge binne dizze moanne mar leafst 27.000 mientsen teld, kanoeten yn it Hollânsk. En dat is bysûnder, want safolle binne der de ôfrûne fyftjin oant tweintich jier net sjoen. Dat seit behearder Natuurmonumenten. It giet om fûgels út it easten fan Europa dy't winterdeis yn it Waadgebied ferbliuwe.
De ôfrûne jierren waarden der maksimaal sa'n trijetûzen mientsen teld, betiden wiene it der mar 500. Dat wie foaral omdat der te min fretten wie. Dat leit no oars, want der binne in hiel soad jonge kokkels. As der in strange winter komt, is dat lykwols gau foarby.