Trije auto-ynbrekkers oppakt

21 nov 2011 - 10:57

De plysje hat trije manlju oanhâlden dy't fertocht wurde fan it ynbrekken yn auto's, begjin dizze moanne yn Wolvegea. Ut trije auto's dy't parkeard stiene oan de Atalanta waarden ferskate saken meinaam. Ek ûntstie der skea oan de auto's sels. De trije manlju koene oanhâlden wurde doe't se ein ferline wike sjoen waarden op in parkearterrein yn Wolvegea.

It giet om twa ynwenners fan Utrecht en ien fan Rhenen. De trije binne fêstset foar ferhoar, har auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)