Swalker soarget foar oerlêst

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is sneintenacht in swalker oanhâlden dy't op ferskate plakken foar oerlêst soarge. Hy frege om fergees iten yn in restaurant en besocht dêr tagelyk om saken te ferkeapjen. Doe't dêr net op yngien waard, begûn de man mei sûker, molke en bestek te goaien.
De man woe pas fuortgean, doe't de plysje kaam, mar doe waard sjoen dat er in stellen fyts by him hie. De man is yn de sel set.