Be Quick wol keunstgersfjild

21 nov 2011 - 10:20

Fuotbalklup Be Quick fan Dokkum wol in twadde keunstgersfjild ha. Dat soe in ein meitsje oan it romteprobleem fan de klup. De klup hat der de lêste tiid in soad nije leden bykrigen. It besteande keunstgersfjild is dêrtroch al hielendal beset.

It byfjild is faak dreech te bespyljen, troch rein en yntinsyf gebrûk. In keunstfjild is wol altyd beskikber. Be Quick komt meikoarten mei in foarstel nei de gemeenteried.

Trefwurden: 
Dokkum Be Quick
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)