Drachtster koperdief oppakt

21 nov 2011 - 10:14

De plysje hat sneintejûn yn Drachten in 37-jierrige ynwenner fan dat plak oanhâlden fanwege de stellerij fan koper. In tsjûge hie sjoen dat de man by it sikehûs yn Drachten kabels yn syn auto laden hie. Omdat de tsjûge it kenteken fan de auto trochjûn hie, koe de plysje de man letter thús oanhâlde.

De kabels, mei dêryn it koper, leine noch yn syn auto. Dy auto is troch de plysje yn beslach naam, de man sels is fêstset foar ûndersyk.

Trefwurden: 
koperdief
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)