11-stêdewinner Keijzer stoarn

22 jul 2008 - 09:55
  • Piet Keijzer waard 89 jier

Ien fan de winners fan de Alvestêde- tocht fan 1940 is ferstoarn. It giet om Piet_Keijzer. Dy makke yn 1940 diel út fan in kopgroep fan fiif riders, dy´t ûnderling ôfpraten tagelyk oer de finish te gean. Uteinlik hâlden de fiif har net oan dy ôfspraak en waard der dochs sprint. Fanwege de gaos dy´t dat feroarsake besleat de organisaasje alle fiif as winner oan te wizen.

Yn 2007 die út in kontrôle fan âlde filmbylden bliken dat Keijzer de echte winner wie. Piet_Keijzer waard 89 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)