11-stêdetocht elektrysk fytse

10 jun 2010 - 17:04

Fytsers dy't gebrûk meitsje fan in elektrysk motorke op 'e fyts, kinne no ek op ien dei de Alvestêderûte dwaan. Ferdield oer de hiele rûte stean 25 oplaadpunten. Se binne tongersdei yn Wyns offisjeel yn gebrûk naam.

It bedriuw Oplaadpunt Nederland hat mei finansjele stipe fan de Provinsje Fryslân, Essent, it fytsersbûn en hoareka-ûndernimmers de oplaadpunten ynstallearre. Op in akku kin sawat fjirtich kilometer fytst wurde. It laden duorret in oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)