11-stêdetocht dweilorkest

03 jun 2014 - 11:29
  • De Heegemer Dekdweilers hâlde in alvestêdetocht

De blazers fan de Heegemer Dekdweilers begjinne sneon oan in alvestêdetocht om it 15-jierrich bestean te fieren. Op in pream dogge se de alve stêden oan. De tocht begjint yn Boalsert. Dêrnei binne der optredens yn Harns, Frjentsjer en Dokkum. De oare deis wurde de dielnimmers oan de stepalvestêdetocht oanmoedige mei muzyk en komt it dweilorkest yn aksje yn Ljouwert, Snits, Drylts en Sleat. Pinkstermoandei giet it fierder yn Starum, Hylpen en Warkum. Oan de ein fan de middei komme de Dekdweilers dan wer yn Boalsert oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)