11-stêderûte hast klear

20 aug 2012 - 17:11
  • Part fan 'e noardlike Alvestêdetochtrûte
  • Wethâlder Jaap Keizer fan Ljouwerteradiel

De noardlike Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Bartlehiem is sa goed as klear. De brêgen binne op in hichte fan 2.40 meter brocht, der is baggere, der lizze no twa slûzen yn it trakjekt, de wâlen binne beskoeid en op in soad plakken binne oanlisplakken makke.

De kommende moannen wurdt it lêste stikje fan de rûte oanpakt. Dêr moat lân foar ûnteigene wurde. Ien fan de grûneigeners wol net meiwurkje, mar it projekt rint gjin fertraging op, seit wethâlder Jaap Keizer fan 'e gemeente Ljouwerteradiel.

Der wurdt rekkene op 5000 boatsjes yn 't jier. Om dat mooglik te meitsjen moast de farwei foar 28 miljoen euro oanpast wurde. Keizer hat lykwols gjin muoite mei de ynvestearring. Hy tinkt dat alle euro's weromfertsjinne wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)