11-stêdekuierders yn Dokkum

02 maaie 2008 - 15:43
  • En fansels moatte ek de kuierders stimpelje....

De goed 750 kuierders dy´t meidogge oan de kuieralvestêdetocht binne freed oankaam yn Dokkum. De tocht oer 205 kilometer sette moandei út ein.

De kuierders hawwe it de ôfrûne dagen bot troffen mei it waar. Sa reinde it amper en hiene se de wyn hast alle dagen yn ´e rêch. Der binne dan ek net in soad útfallers. Freedtejûn hawwe de kuierders it tradisjonele blierrebal. Sneon hoege se allinnich noch mar nei Ljouwert te rinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)