11 projekten moatte earder klear

10 nov 2004 - 16:09

De provinsje Fryslân wol alve lânynrjochtingsprojekten yn de provinsje flugger ôfronde. Dat hat deputearre Anita Andriesen woansdeitemoarn bekend makke. Om dat doel te berikken, moat de provinsje sels 4,5 miljoen euro beskikber stelle.

De provinsje easket fan it Ryk dat dat bedrach letter werombetelle wurdt. Yn de projekten dy't earder einigje moatte, wurdt yn totaal 31 miljoen euro stutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)