10e 'Kleine Bouwprijs' Snits

23 maaie 2013 - 18:46
  • Dizze foargevel waard beleanne mei de Kleine Bouwprijs 2013
  • Tabita Verburg mei de priis foar de Kleine Bouwprijs
  • It ynterieur fan it priiswinnende hûs oan de 2de Woudstrjitte
  • De 2de Woudstrjitte yn Snits

Yn Snits is tongersdei foar de tsiende kear de 'Kleine Bouwprijs Sneek' fan de Siebold Hartkamp Stichting útrikt. Dy priis is ynsteld foar lytse ferbouwingen dy't útfierd binne mei 'each foar it detail'. De kar fan sjuery foel dit jier op in hûs oan de 2e Woudstrjitte 10 yn Snits. By dit hûs is de foargevel wer werombrocht yn de oarspronklike steat.

Tabita Verburg, de ferraste eigeneresse, krige in faas Makkumer diggelguod. It doel fan de Kleine Bouwprijs is om soarchfâldige ferbouwings te stimulearjen.

De prizepot, ynsteld by it ôfskie fan boargemaster Hartkamp, is no hast leech. De Stichting Oud Sneek is no fan doel om de Kleine Bouwprijs oer te nimmen en troch te gean mei it jierliks takennen foar in priis foar lytse ferbouwingen en restauraasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)