10e edysje fan Dokk'em Open Air lûkt 3.000 minsken

21 jun 2015 - 14:02

Freed en sneon wie de 10e edysje fan Dokk'em Open Air. It poadium waard folle mei sawol nasjonale bands lykas Herder, Baldrs Draumar, Legion of the Damned as ynternasjonale bands út Finlân, Amearika en Israël. De kemping stie fol mei yn totaal 900 festivalgongers. Ferspraat oer twa dagen hawwe 3000 besikers it metalfeest besocht.

De pre-party op tongersdei luts 650 minsken. Dy jûn gie de earste tûzen liter bier der al trochhinne.

Besjoch hjirûnder it festivalferslach fan ús nije programma Festivette:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)