Rotonde Koatstermoune iepene

26 jul 2012 - 11:25
  • Koatstermoune

Op de ôfslach fan de N355 mei De Koaten by Twizel is tongersdeitemoarn de nije rotonde Koatstermoune offisjeel iepene. Dat is oan de eastkant fan it doarp. Bysûnder is dat yn de klinkers yn 'e midden fan de rotonde trije mûnen ôfbylde binne. Dat is in ferwizing nei de Koatstermûne, dy't op dat plak stien hat. Yn 1923 is de mûne ôfbrutsen.

It ûntwerp foar de bestrjitting fan de rotonde is makke troch learlingen fan ROC de Friese Poort fan Drachten. Sy hawwe de klinkers ek sels lein, mei begelieding fan in oannimmer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)