Stellen brommobyl wer fûn

26 jul 2012 - 10:59
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat in 38-jierrige man út Driezum oppakt fanwege de stellerij fan in brommobyl. Woansdei die de plysje in oprop om nei de brommobyl út te sjen. Dy waard it ôfrûne wykein stellen by it treinstasjon yn Feanwâlden.

Nei in tip waard er fûn by in kemping yn De Westereen. De Driezumer dy't yn 'e buert wie waard oppakt en meinaam nei it buro. De brommobyl is troch in bergingsbedriuw fuortsleept. Hy is by de stellerij skansearre rekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)