Jonges (13 en 15) op dievepaad

Ynbraak © Omrop Fryslân
Twa jonges fan 13 en 15 út Ljouwert hawwe woansdei guod stellen út in boat yn it haventsje by de Pilotenespel yn harren wenplak. Tsjûgen seagen de jonges oan board en fertrouden it net.
De twa naaiden út, ien rinnende en de oare mei in boatsje de Dokkumer Ie op. De tsjûgen koene it boatsje dêr ynhelje, dêrnei waard de jongste fertochte thús oanhâlden. Se hiene in navigaasjesysteem, in brânblusser en in barbecue út de boat stellen.