Man skopt dief bewusteleas
Fiif Drachtsters fan tusken de 16 en 18 jier binne woansdei oanhâlden omdat se yn de wyk de Wiken de spegels fan auto's trapen. Fan in parkearde fyts pikten se in bidon. De eigner seach dat en gie de fiif achternei.
Op it Ureterpvallaat koe de plysje de fiif jonges oanhâlde, dêr kaam ek de 38-jierrige Drachtster eigner fan de bidon ferhaal heljen. Hy trape ien fan de jonges sa hurd tsjin de holle dat dy út de tiid gie. De 38-jierrige is oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling.
De fertochte dy't delslein is, is nei it sikehûs brocht. De oare fjouwer sitte fêst op it buro.