Diemers kiest foar FC Utrecht

26 jul 2012 - 09:58
  • Mark Diemers

Sportklup Cambuur en FC Utrecht binne it iens wurden oer de ferkeap fan Mark Diemers. De jonge middenfjilder moat sels noch wol ta in akkoart komme mei Utrecht, mar nei eigen sizzen duorret dat net lang mear. 'We zitten in de afrondende fase. Ik verwacht dat het vrijdag rond komt', sa seit Diemers.

Diemers bliuwt dit seizoen noch wol op hierbasis yn Ljouwert spyljen. De klups ha in selde konstruksje as mei Bob Schepers ôfpraat. Dy spile it ôfrûne seizoen ek foar Cambuur, wylst Utrecht him al kocht hie.

Diemers koe ek nei AZ, Grins en FC Twente. Sels de Italiaanske klups Udinese en Genoa hiene belangstelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)