Rûnom problemen treinferkear

Op trije plakken yn de provinsje hat it treinferkear problemen. Tusken Warkum en Starum ride gjin treinen nei in earnstige botsing tusken twa auto's flakby de spoarwei-oergong. Dêrby is in persoan slim ferwûne rekke. Ek tusken stasjons fan Harns en dat fan de haven ride gjin treinen.
Tusken Gryptsjerk en Ljouwert ride bussen, neidat it treinferkear troch in seinsteuring earnstich ûntregele waard. Op dat trajekt binne op noch njoggen plakken de spoarbomen noch ticht.
De treinen begjinne tongersdeitemoarn al wer te riden en automobilisten wurde dêrom warskôge goed út te sjen as se dochs in spoarwei oer gean tusken de tichte bomen troch. De treinen ride stadich en toeterje foardat se in dyk oerstekke. Prorail ferwachtet dat de seinsteuring noch oant 12 oere duorret. As gefolch fan de oanriding yn Hylpen is ek de Oosterdyk tusken Hylpen en de Sudergoawei ôfsletten foar ferkear.
Om sawat 11.00 oere rieden de treinen wer.