Minder winst Accell Group

26 jul 2012 - 08:12
  • Accell Group

Fytsefabrikant Accell Group fan It Hearrenfean hat oer it earste healjier minder winst makke as deselde perioade ferline jier. Yn de earste seis moanne fan 2012 waard 23 miljoen euro winst makke, dat is 15 persint minder as ferline jier. It minne waar en de sakke konsumintebestegings binne dêr de oarsaak fan, tinkt Accell. Troch de oername fan oare fytsefabriken, sa as Raleigh, gie de omset fan Accell 19 persint omheech, mar de omset fan de al besteande aktiviteiten gie mar 2 persint omheech.

Accell hat de winstferwachting bysteld: it bedriuw ferwachtet net langer dat der mear winst makke wurde sil as ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)