Iepen hiem boeren Gaasterlân

25 jul 2012 - 21:06

Yn Gaasterlân is woansdei it projekt FF Boeren úteinset. Dat hâldt yn dat 17 boeren út Gaasterlân de doarren fan harren bedriuw iepenje foar belangstellenden. Op dizze wize kinne minsken ris sjen hoe't it der op in buorkerij om en ta giet. Boppedat stean de boeren klear om fragen te beäntwurdzjen.

Woansdei wie de earste iepen dei yn de omkriten fan Aldegea. Kommende wike woansdei en de wike dêrop binne der noch twa iepen dagen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)