Oefenwedstryd giet dochs troch

25 jul 2012 - 19:20
  • SC Hearrenfean

De oefenwedstryd tusken Sportklup Hearrenfean en FC Köln giet sneon dochs troch. Mar hy wurdt yn Keulen spile yn stee fan op It Hearrenfean. Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean hie de wedstryd ôfsein fanwege mooglike supportersrellen. Neffens de plysje fan Keulen soe in ploech fan tûzen supporters nei It Hearrenfean komme, wêrûnder ek hooligans mei in stadionferbod.

Sportklup Hearrenfean lit no witte dat de wedstryd sneontemiddei dochs spile wurdt, mar dan yn Keulen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)