Boerebrulloft op De Jouwer

25 jul 2012 - 15:16

Foar de 58ste kear alwer wie woansdei de boerebrulloft op De Jouwer. En dit jier gie it ek om in echte brulloft. Johannes Bakker en Tiwina Oostenveld fan Dedzjum hawwe elkoar it ja-wurd jûn, mar wol op de wize sa't it plakfûn om 1850 hinne.

Ien fan de tradysjes is de troustoet mei Fryske hynders en sjezen en elkenien yn klederdracht. De stoet gie fan it sintrum nei it Park Heremastate.

Trefwurden: 
boerebrulloft
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)