Arriva rydt, Qbuzz ferliest

25 jul 2012 - 14:56

Iepenbier ferfiersbedriuw Arriva mei fan desimber ôf it busferfier fersoargje yn Noard- en Súdwest Fryslân en op Skiermûntseach. Dat hat it College van Beroep voor het bedrijfsleven sein. Dat rjochtsorgaan wie ynskeakele troch Qbuzz. Dy wie it der net mei iens dat Arriva it busferfier gund krigen hie fan de provinsje Fryslân.

Neffens Qbuzz wiene guon hantekeningen ûnder it kontrakt net yn oarder. Dat wie ek sa, mar de provinsje joech Arriva de gelegenheid dochs noch te tekenjen. Qbuzz tekene protest oan, mar dat is no ôfwiisd.

Trefwurden: 
Arriva busferfier Qbuzz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)