Spaansk wurk foar Sijtsma

De Sijtsma Groep yn Sweins makket kâns op in grutte oarder yn Barcelona. It bedriuw is ien fan de trije gadingmakkers. De bekende Sagrada Familia moat in nije beskermjende coating krije. Fia de leveransier yn Winschoten is Sijtsma yn byld kommen foar dit wurk. As alles trochgiet, smyt dat wurk foar in langere perioade op.
De kommende tiid moat dúdlik wurde oft Sijtsma it wurk ek echt dwaan mei.