Epke turnet wer in mearkamp

20 nov 2011 - 17:24

Epke Zonderland hat snein foar it earst sûnt 2007 wer ris in mearkamp yn wedstriidferbân turne. Zonderland die dat by it Nederlânsk kampioenskip foar klubteams yn Veldhoven. De Fryske turner moat him op alle tastellen talizze omdat it him by it WK yn Tokio net slagge om him op de rekstôk te pleatsen foar de Olympyske Spelen.

Yn jannewaris moat Epke Zonderland mei Jeffrey Wammes yn in mearkamp útmeitsje wa fan de twa turners nei Londen ôfreizgje mei. Snein wie der yn elts gefal gjin direkte konfrontaasje tusken Zonderland en Wammes. De lêste die net mei yn Veldhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)