Romtegebrek by Marne College

© Omrop Fryslân
Hawwe in soad Fryske skoallen lêst fan in weromrinnend tal learlingen, by it Marne College yn Boalsert is dat perfoarst net it gefal. Dêr binne de ôfrûne jierren in pear hûndert ekstra bern nei de middelbere skoalle takaam. De skoalle kampt dêrtroch mei romtegebrek. Yn it ferline hat de skoalle sels lesjûn yn it tsjerkegebou It Convent.
Omdat der dit jier wol in hiele grutte oanrin fan nije learlingen is, freget de skoalle in ekstra subsydzje fan 200.000 euro oan de gemeente Súdwest-Fryslân. Fan dat jild moat de tydlike hier fan it tsjerkegebou en it pleatsen fan de trije needlokalen betelle wurde. De gemeenteried sil op 15 desimber beslute oer it fersyk fan it Marne College yn Boalsert. De needlokalen binne yntusken al pleatst troch de skoalle.