Romme winst Snits Wyt Swart

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat goeie saken dien troch mei 4-1 fan Juliana '31 te winnen. Yn Malden iepene Marcel Merino de skoare foar de Snitsers. Ramon Giro Batalla soarge foar 2-0. Fortuna '31 kaam werom yn de wedstriid en makke de 2-1. Deselde Ramon Giro Batalla makke nei it skoft syn twadde doelpunt.
De einstân fan 4-1 kaam op it skoareboerd trochdat Kevin Huitema in strafschop benutte. De Snitsers hawwe no 20 punten út 11 wedstriden.