Wyldpisser mislediget plysje

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht fiif minsken yn de provinsje oanhâlden foar it misledigjen fan de plysje. Op 'e Nijstêd yn Ljouwert hie in 18-jierrige Ljouwerter in grutte mûle doe't er oan it wyldpisjen wie. Op deselde Nijstêd en op it Ruiterskwartier yn Ljouwert makken in 26-jierrige man út Den Helder en in 20-jierrige Ljouwerter de plysje út foar rotte fisk.
Yn Dokkum waarden yn de Keppelstrjitte twa manlju fan 18 en 20 jier oanhâlden. Alle fiif manlju krigen in boete fan 500 euro.