Groothuis wint 1000 meter

© Omrop Fryslân
Twa dagen nei syn oerwinning op de 1500 meter hat Stefan Groothuis by de WB wedstriden yn it Russyske Tsjeljabinsk ek de 1000 meter op syn namme skreaun. De Empenaar wûn yn 1.08.49. Yn Ruslân docht bliken dat Groothuis goed yn foarm is.
Kjeld Nuis waard twadde op 0.07 fan de winner. De Kanadeeske Denny Morrison pakte it brûns foar Sjoerd de Vries en de Olympysk kampioen Shani Davis.