Wergeaster bedriget 4 manlju

© Omrop Fryslân
In 38-jierrige ynwenner fan Wergea hat sneontenacht fjouwer manlju sûnder oanlieding bedrige yn de Grote Hoogstraat yn Ljouwert. Ien fan de fjouwer manlju koe de Wergeaster útskeakelje troch him in klap te jaan. Dêrnei warskôgen se de plysje. Dy hat de man op fertinking fan bedriging en besykjen ta deaslach meinommen nei it buro.
By it fûllearjen fan de man die bliken dat de Wergeaster noch 11 wikkels mei nei alle gedachten kokaïne en in pûdsje weed by him hie. De drugs binne yn beslach nommen.