Roemenen stelle pinpas

© Omrop Fryslân
Troch in tûke tsjûge hat de plysje sneontemiddei by De Jouwer fjouwer Roemenen oanhâlden foar it stellen fan in pinpas. De trije manlju fan 57, 54 en 47 jier en in 47-jierrige frou út Roemenië hiene de pas stellen fan in 68-jierrige frou út Bantegea. De dieders wiene de frou fan in supermerk op 'e Lemmer nei har hûs yn Bantegea folge. Doe't de frou har boadskippen fan de auto yn 'e hûs brocht, hâlden twa Roemenen har oan de praat. In oare Roemeen gie yn de tuskentiid it hûs fan de frou yn en pakte de pinpas.
In buorfrou seach dat lykwols. Se warskôge it slachtoffer flak neidat de Roemenen flechten wiene. Omdat de buorfrou it kenteken, it merk fan de auto en in sinjalemint fan de dieders jaan koe, hie de plysje gjin muoite de dieders oan te hâlden. Dat barde op 'e A7 by De Jouwer.