Scooter neisitten yn Ljouwert

25 jul 2012 - 14:02

Motoraginten hawwe tiisdeitrmiddei yn Ljouwert in skoft achter in scooter mei twa persoanen oansitten. Op de Troelstrawei woe de plysje se kontrolearje, mar se setten mei hege snelheid ôf. Dêrby moasten automobilisten ôfremje en in pear lytse famkes koenen noch mar krekt oan de kant springe.

Ien fan de scooterriders stapte ôf, de oare ried troch mar liet de motor op De Kei yn de wyk Bilgaard achter. Der is wol socht mar de plysje hat it duo net fine kind. De scooter is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
scooter achterfolging de Kei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)