Handicapte man bestellen

25 jul 2012 - 13:07
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De 38-jierrige Jan Iedema fan Burdaard is swier troffen troch de stellerij fan syn scootmobyl. Hy hie him it ôfrûne wykein by it stasjon fan Feanwâlden delsetten. Doe't hy snein weromkaam wie de scootmobyl fuort. Om't Iedema handicapt is, is de scootmobyl spesjaal foar him oanpast. Sa sit de folsleine betsjinning oan de rjochterside. Sûnder scootmobyl kin Iedema nergens hinne. Yn Burdaard komt gjin bus en fytse is foar him gjin opsje.

It weintsje is sulver fan kleur en hat opfallende koplampen.

It giet om it merk AIXAM en it kenteken is 73-FR-T1. Mochten jo de skootmobyl sjoen ha dan kin jo kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)