Flier Raadhuisplein stoarten

25 jul 2012 - 12:55

Yn Drachten wurdt woansdei it fûnemint lein foar ien fan de meast besprutsen bouprojekten fan Fryslân, it Raadhuisplein. Der rinne tûzenen liters beton oer de stielen konstruksjes fan wat aanst it nije Raadhuisplein wurdt. It beton wurdt oer in grutte ôfstân de bouput yn pompt en dêr mei masines moai flak makke. Dat wurdt dan de flier fan de parkeargaraazje.

It betonpompen sil noch de hiele dei trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)