Fytser tsjin de holle slein

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje ûndersiket in gefal fan swiere mishanneling yn Aldskoat. Dêr krige in 26-jierrige fytsende Grouster in klap tsjin de holle. Hij foe, en wylst er op de grûn lei trochsocht de dieder syn broeksbûsen. Dy fûn neat en stapte yn in auto. Twa ynsittenden, neffens de plysje mei in tinte hûdskleur, rieden dêrop fuort.
It slachtoffer is troch de plysje nei it sikehûs fan It Hearrenfean ta brocht. Hij hie ferwûnings oan syn gebit en skouder.