IIsferkeapers hawwe it drok

It is in topwike foar iisferkeapers, mar it moaie waar komt eins te let om it seizoen noch goed te meitsjen. De seit Romke de Jong fan iisfabryk De Jong op De Gordyk. De Gordykster iisfabryk is de grutste fan Nederlân as it giet om iis foar de ambulante hannel. No't it moai waar is wurdt op De Gordyk kontinu iis makke yn trije ploegetsjinsten.
It iisfabryk op De Gordyk is der al sûnt 1947 en is in begrip yn Fryslân en fier dêrbûten. It fabryk sit sûnt trije jier yn in nij gebou en hat sûnt dy tiid eins allinnich mar wiete simmers meimakke.
Dochs is De Jong optimistysk oer de takomst. Nederlanners en ek Friezen sille yn 'e takomst folle mear iis ite as as no dogge en de sektor hat eins gjin lest fan de krisis. Min waar is foar in iisfabrikant in folle grutter probleem as de ekonomyske dip.
Ek foar lytsskalige iismakkers binne it topdagen. Sytse Postma fan Akkrum is eins noch mar krekt úteinset mei it meitsjen fan iis, mar hy gie der dochs op út mei de eigen ijskokarre om fan it simmerwaar te profitearjen.