Quatrebras giet wer iepen
Diskoteek en Dancing Quatrebras giet wer iepen. Melle Prins hiert de diskoteek fan eigener Piet de Poel. Prins hat ûnder oare ek in kafee yn Kollumersweach. It is de bedoeling dat de doarren yn septimber wer iepen geane.
De diskoteek hat in skoft ticht west om't eksploitant Wim Beintema fallyt gien wie. De klub krijt ek in nije namme: Klub Prins.