Besunigings handicapteferfier

De besunigings op it handicapteferfier meie trochgean. Dat hat de rjochter yn koart pleit bepaald. De besunigings wienen ôfpraat yn it 'Lente'-akkoart.
It ferfier fan handicapten nei de deibesteging sil no kombinearre of sels foar in part skrast wurde moatte, sa seit Noorderbrug, de organisaasje foar minsken mei in beheining of groanyske sykte.