Súd-Amerikanen twa wiken fêst

24 jul 2012 - 16:02
  • Ynbraak

De fiif Súd-Amerikanen, dy't foarige wike nei in ynbraak op It Hearrenfean en in lange achterfolging yn de Noardeastpolder oanhâlden waarden, wurde 14 dagen fêstset. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. It plysje-ûndersyk is noch yn folle gong.

It fermoeden bestiet dat de fiif mear ynbraken op har gewisse hawwe, op oare plakken yn it lân. Ofrûne tongersdei besochten de fiif op It Hearrenfean in klûs te stellen, mar dat mislearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)