Blog: De lêste tariedings foar Londen

24 jul 2012 - 15:17
  • De kaart fan Londen der by foar de lêste tariedings

Noch in pear dagen, dan is it safier. Kameraman Dirk Klaver en ik (Jan Vincent van Zuiden) reizgje freed ôf nei Londen foar de Olympyske Spelen! It is foar it earst yn de histoarje dat Omrop Fryslân oanwêzich is by de Simmerspelen, it grutste sportevenemint fan de wrâld. En it kinne histoaryske Spelen wurde foar Fryslân, want der binne in oantal serieuze medalje-kandidaten. Wat te tinken fan turner Epke Zonderland, sylster Marit Bouwmeester en beachfollyballer Richard Schuil?

It wurde spannende wiken, ek foar ús om te wurkjen. We hawwe gjin akkreditaasje (tastimming) om by de wedstriden te wêzen en dus moatte we alles bûten de offisjele kanalen om regelje. Dêrom ha ik de ôfrûne wiken mei alle Fryske sporters en harren freonen en famylje kontakt socht om de sitewaasje út te lizzen. We wolle se fansels toch graach foar de kamera en de mikrofoan krije! Gelokkich hawwe se allegear begrip foar ús beperkte wurkmooglikheden en binne se ree om ús wêr mooglik yn de mjitte te kommen.

Foar my is it no saak om de lêste saken te regeljen. De kaart fan Londen der by en útsykje hoe't we by de ferskate Olympyske lokaasjes komme moatte bygelyks. Freedtemoarn pakke we de trein nei Londen en as it goed is komme we yn de rin fan de middei oan. Dyselde jûn is de iepeningsseremoanje en dan kin it echt begjinne! De bedoeling is dat der alle dagen op de radio en tillevyzje reportaazjes út Londen te sjen en te hearen binne. Fia dizze blog hâld ik jo op de hichte fan ús belevenissen. Londen here we come!

Jan Vincent van Zuiden

Twitter: @JVvanZuiden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)