Deiboek Joadsk famke nei HCL

24 jul 2012 - 12:45

It Histoarysk Sintrum yn Ljouwert hat in deiboek krigen dat skreaun is troch in Joadsk famke yn 1922. It deiboek beskriuwt it libben fan it Joadske famke Martha Feitsma doe't se in jier of 15 wie. Yn 1944 wurdt Martha Feitsma fergast yn Auschwitz. Meiwurkers fan it Histoarysk Sintrum type it boek oer en scanne alle bledsiden yn.

It hânskrift fan it deiboek is net oeral like dúdlik, dus nei alle gedachten is it wurk omtrint fan 't hjerst klear. Dêrnei kinne de teksten mooglik brûkt wurde foar in lesmetoade yn it foartset ûnderwiis.

Trefwurden: 
HCL deiboek Martha Feitsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)