Op&Top-byldmerk mei bliuwe

Justysje © Omrop Fryslân
It bedriuw Op & Top, mei fêstigings yn Appelskea, It Hearrenfean en Stienwyk, hoecht syn byldmerk net oan te passen. Dat hat de rjochtbank fêststeld yn in saak dy't oanspand wie troch it bedriuw Op = Op. Dat lêste bedriuw hat in fyftichtal fêstigingen en fynt dat it byldmerk fan Op & Top tefolle liket op dat fan Op = Op.
Dat soe derfoar soargje kinne dat klanten har troch it byldmerk fersinne en nei de ferkearde winkel gean. Neffens de rjochter is dat net it gefal, dy oardielet dat de ferskillen grut genôch binne.