Irakeesk protest yn Drachten

24 jul 2012 - 11:54

In 40-tal Irakezen demonstrearret tiisdei by it gemeentehûs fan Smellingerlân om omtinken te freegjen foar harren situaasje. Yn it azc yn Drachten sitte 55 útprosedearre Irakezen. In part fan harren komt út it tintekamp by it útsetsintrum Ter Apel dat yn maaie opbrutsen waard. Se binne útprosedearre en moatte fan minister Leers it lân út, mar Irak wol se net talitte.

By it protest yn maaie yn Ter Apel sei minister Leers in oplossing ta, mar omdat dy der noch hieltyd net is komme de Irakezen no opnij yn aksje.

It giet om in estafette-aksje. Woansdei sille de Irakese asylsikers yn Grave (Brabân) de aksje oernimme. De Irakezen sille mei har aksje trochgean oant se wer by minister Leers yn byld binne, sa sizze se. Under de Irakezen sitte ek ferskate kristenen. Guon fan harren binne ta it kristendom oergien neidat se yn Nederlân kaam binne. Foar harren is it ekstra gefaarlik om werom te gean nei Irak, sa sizze se.

Neffens it Ministearje fan Ymmigraasje binne der wol ôfspraken makke mei de útprosedearre Irakezen. Neffens it ministearje is Irak feilich genôch en hat minister Leers in petear hân mei de Irakese minister oer de kwestje. Yn septimber sil de minister nei Bagdad ta om fierdere ôfspraken te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)