Strjitlampen Sm'lân earder út

24 jul 2012 - 10:21

Strjitlampen yn Smellingerlân geane fan augustus ôf in heal oere earder út. De gemeente hat dat besletten om sa enerzjy te besparjen. De ljochten geane tenei om healwei alven út, yn stee fan alve oere no. Dat smyt Smellingerlân in besparring op fan sa'n 2,5 persint fan it folsleine enerzjyferbûk fan de iepenbiere ferljochting yn de gemeente.

Oare gemeenten en ek de provinsje binne op soartgelikense wize dwaande om enerzjy te besparjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)