ANBO-bestjoer Ljouwert opstapt

It bestjoer fan de Ljouwerter ôfdieling fan de ANBO stapt op. De ANBO is in belange-organisaasje foar âlderen. It bestjoer fan Ljouwert is it net iens mei it lanlike bestjoer. Sikretaris Atie van Vliet lit witte dat it âldereinbûn troch in nije struktuer minder demokratysk wurdt. De ôfdielingen kinne dêrtroch minder goed beslute oer har eigen aktiviteiten.
Fierder seit Van Vliet dat de regio-ôfdielingen fan de ANBO finansjeel mei sa'n 40 oant 60 prosint koarte wurde. It bestjoer fan de Ljouwerter ôfdieling is it dêr net mei iens.
It bestjoer hâldt yn 2013 dêrom op te bestean. Rinnende saken wurde oant dy tiid noch ôfhannele. By de kommende ledegearkomste wurdt besjoen oft de ôfdieling yn Ljouwert mooglik in eigen bûn oprjochtsje kin.
It lanlik bestjoer fan de ANBO sil der alles oan dwaan om de Ljouwerter ôfdieling, dy't in 2000 leden telt, by it bûn te hâlden, sa seit wurdfierder Frank van der Aa.